Doarpsbelangen Dantumadiel wolle brede gearwurking

It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân
De gearwurkjende doarpsbelangen yn Dantumadiel wolle dat harren gemeente net allinnich mei Dongeradiel praat oer gearwurking, mar dat ek Kollumerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen der by belutsen wurde. It moat wat de doarpsbelangen oanbelanget wol by gearwurking bliuwe, in fúzje is net oan'e oarder. De doarpsbelangen binne tige kritysk oer de kommunikaasje fan de gemeente. Dy soe de ynwenners mear belûke moatte by de gemeentlike weryndieling.