Sportoersjoch: sukses by shorttrack en sterkste man

12 nov 2018 - 17:47

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein.

Yn it sportoersjoch fan dizze wike kinne wy fansels net om de 'Derby fan it Noarden' hinne: sc Hearrenfean tsjin sc Grins. En dy derby wie benammen foar Hearrenfean ien om gau de ferjitten. Better nijs wie der foar de shorttrackers yn Salt Lake City. By de dames helle Suzanne Schulting goud op de 1000 meter. Sjinkie Knegt wûn goud op de 1500 meter.

Ek waard dit wykein de fjirde KPN marathoncup wedstriid op Thialf ferriden. Dêr stie foar it earst de Súd-Koreaanske olympysk kampioen Lee op it iis. By de manlju wûn Mats Stoltenborg, dy yn de sprint Jorrit Bergsma ôftroeve. Bergsma waard twadde. By de froulju wûn Irene Schouten út de ploech fan Jillert Anema, foar Imke Vormeer en Iris van der Stelt.

Fierder ek noch omtinken foar kuorbal, en it Nederlânsk kampioenskip Sterkste Man.

(advertinsje)