Grand Prix mei Fryske judoka's is 'Wedstriid fan de wike'

12 nov 2018 - 17:20

Fryslân hat op it stuit trije Fryske judoka's, dy't op it heechste nivo aktyf binne. Natascha Ausma, Sanne Vermeer en Margriet Bergstra komme oankommend wykein yn aksje by de Grand Prix judo yn Den Haach. It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

De Grand Prix yn Den Haach is in grut judo-evenemint. Der dogge mar leafst 450 judoka's oan mei, wêrûnder dus trije Friezinnen. "It toernoai heart by de fyftjin wichtichste eveneminten yn it ynternasjonale topjudo", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.

"En dan is it fansels hartstikke moai dat wy dêr mei Natascha Ausma, Sanne Vermeer en Margriet Bergstra trije froulju op de dielnimmerslist hawwe."

Bergstra komt freed yn aksje, Vermeer en Ausma meie sneon oan de bak.

Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)