Opnij tsjettellekkaazje by ôffaloven REC yn Harns

12 nov 2018 - 16:50

De Reststoffen Energie Centrale (de REC) yn Harns hat oan de ein fan moandeitemiddei lêst fan in tsjettellekaazje.

Foto: Ymte de Jager

De lekkaazje soarget foar flinke reekwolken boppe de ôffaloven. De ferantwurdlik wethâlder Harry Boon is op de hichte steld, neffens him binne de protokollen folge. De gemeente sil no yn petear mei Omrin oer de fierdere poseduere. Omrin hat de ôffaloven nei de lekkaazje stillein.

Stankoerlêst

Yn de omjouwing wurdt praat oer stankoerlêst. Ek Omrin seit yn har berjochtjouwing dat der sprake is fan in "net oangename geur." De wyn stiet noardlik nei de seedyk. Buertbedriuwen binne warskôge.

It fjoer is yntusken út. Omrin ferwachtet yn de rin fan 'e jûn it materiaal fan it roaster te hawwen en litte dêrnei de oven ôfkuolje.

Net de earste kear

Op 17 augustus wie der ek in tsjettellekkaazje by de REC, en ek doe moast de oven stillein wurde. Dat hat doe fiif dagen duorre. Op 5 oktober wie de lêste steuring by de REC.

Mjittings

De gemeente Harns hat yn oparbeidzjen mei de FUMO de brânwacht frege om mjittingen te dwaan yn de omjouwing fan de ôffaloven.

Trefwurden: 
Harns REC ôffaloven lekkaazje
(advertinsje)