Eardere Ronald McDonaldhûs krijt soarchbestimming

12 nov 2018 - 16:12

It MCL jout it eardere Ronald MC Donaldhûs in soarchbestimming. It hûs dêr't famylje fan earnstich sike minsken oernachtsje koene moast koartlyn ticht om't it net genôch brûkt waard.

Benammen fan Skylge ôf kaam dêr in soad ferset tsjin mar op 31 oktober sluten de doarren fan it hûs dochs.

It MCL is de nije eigener fan it ûnderkommen. It sikehûs wol der no in útfalsbasis foar nij te ûntwikkeljen foarmen fan leechdrompelige soarch fan meitsje. Se wolle dit dwaan yn gearwurking mei oare partijen.

It sikehûs is yn petear mei eventuele partners. Se tinke mei in pear wike mear melde te kinnen oer de takomstige bestimming fan it gebou.

Trefwurden: 
MCL Ronald Mc donald
(advertinsje)