Bûn komt mei ultimatum foar Douwe Egberts, en oars komme der aksjes

12 nov 2018 - 15:30

De fakbûnen CNV en FNV hawwe in ultimatum steld oan Douwe Egberts. Trijekwart fan de fakbûnsleden is it net iens mei it einbod fan de kofjeprodusint foar in nije CAO. De meiwurkers wolle mei yngong fan july dit jier in leansferheging fan 3,5 prosint.

Foto: wikipedia.nl, Freaky

DE wol op dit stuit net heger gean as in leansferheging fan 2,57 prosint. De wurknimmers wolle njonken de ferheging fan 3,5 prosint ek de Arbeidstiidsferkoartingsregeling behâlde foar nije wurknimmers. Dêrnjonken binne se net akkoart mei de roasterfoarstellen fan it bedriuw, en wolle se dat der in ûndersyk komt nei de wurkdruk.

De fakbûnsbestjoerders binne benammen lilk oer it feit dat DE wol in soad jild útkeart oan oandielhâlders mar it personiel net meidiele litte wol.

"De aandeelhouders van Jacobs Douwe Egberts kregen vorig jaar in totaal 175 miljoen uitgekeerd. Toch is een loonsverhoging van 3,5 procent voor de medewerkers teveel. Belachelijk", sa seit Niels Suijker fan de FNV.

"Daarom stellen we het bedrijf een ultimatum. Het eindbod moet worden ingetrokken en men moet voldoen aan onze eisen. Gebeurt dit niet, dan zullen de medewerkers overgaan op een actietraject."

Trefwurden: 
FNV aksjes Douwe Egberts kofje
(advertinsje)