Unike ferhalen Feanwâldsterwâl wis steld foar de takomst

Witte wy eins wat der echt spilet yn ús doarp? Net de grutte ferhalen, mar alle lytse persoanlike ferhalen? Nei alle gedachten net, mar yn Feanwâldsterwâl binne se dêr hiel tichteby kaam. Mei it projekt Iepen Doar(p) krigen alle ynwenners fan it doarp de kâns om harren ferhaal te fertellen. Iepen Doar(p) wie in projekt foar LF2018, en sit der eins op. Mar net foar't al dy persoanlike ferhalen fêstlein binne yn in boek en in tentoanstelling. Hidde-Jan Westerlaan en Ilse Boorsma út Feanwâldsterwâl krigen sneon it earste eksimplaar fan dit Iepen Doar(p)-fotoboek oerlange.
© Meint de Vries
By de gearkomste in De Schierstins leit Sjoerd Litjens, projektlieder van Iepen Doar(p), út hoe't de 129 bylden en ferhalen fan it projekt in spegel binne foar de minsken yn en om Feanwâldsterwâl hinne. "Het zijn verhalen die het alledaagse universeel maken, die de hedendaagse geschiedenis van dit kleine Friese dorp en de wijze waarop bewoners ervan het begrip 'mienskip' beleven, vastleggen."
Bert Looper, direkteur fan Tresoar, dy't Iepen Doar(p) foar takomstige generaasjes tagonklik hâldt: "Onze verhalen - het vastleggen delen en vertellen ervan, zijn noodzakelijk om een maatschappij te laten functioneren en om 'mienskip' te vormen. We mogen best stellen dat de mensen van Feanwâldsterwâl met hun verhalen bijdragen aan wat we het meest nodig hebben op deze wereld: begrip en respect."
Byld fan it projekt Iepen Doar(p) © Iepen Doar(p)
De bylden yn it 272-pagina's tellende Iepen Doar(p)-fotoboek binne makke troch fotografen Tryntsje Nauta en Marieke Kijk in de Vegte. De ferhalen binne ferteld troch Hester Heite, Sippy Tigchelaar en Sjoerd Litjens.
Eksposysje
De Iepen Doar(p) eksposysje yn De Schierstins is oant en mei snein 6 jannewaris 2019 te sjen. Bylden fan Iepen Doar(p) binne ek te sjen op it festival Explore the North op 22, 23 en 24 novimber.

Iepen Doar(p) is in audiofisueel projekt oer Feanwâldsterwâl en har ynwenners. It projekt makket ûnderdiel út fan it haadprogramma fan Kulturele Haadsted 2018.