Karnaval... 5 redenen wêrom’t it neat foar Friezen is

12 nov 2018 - 14:19

Aaaaaaaaaaaalaaaaaaaaaaaaaaaaaf! Ja, doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch. Yn it suden fan it lân is it karnavalsfeest snein wer útein set. No is dat hartstikke moai foar dy suderlingen, mar foar ús yn it noarden is it neat. Mar wêrom net?

Wy binne te nuchter

Al dy klean, dy kostúms, tsja, dat is net echt ús ding. Dêr binne wy simpelwei te nuchter foar.

Wy ha gjin ekskús nedich

Wy ha hielendal gjin ekskús nedich om der ientsje te drinken. Ha wy sin yn in Bearenburchje, dan nimme wy der ien. Dêr ha wy gjin karnaval foar nedich.

Wy hâlde net fan al dy drokte

Wy ha it al drok genôch, dus om dan ek noch ris in wike lang allegear nuveraardichheden te dwaan, dat ha wy net oan tiid. Dan brûke wy ús tiid leaver wat ferstanniger.

Wy ha ús eigen doarpsfeest

In tinte, in goeie band en fansels in fersierde wein: dêr hâlde wy fan yn Fryslân. Wy binne gek op ús eigen doarpsfeest. Folle geselliger. Karnaval op ús eigen wize.

Wy wachtsje op de Alvestêdetocht

Dit jier giet it oan! De Alvestêdetocht. It allergrutste karnavalsfeest fan hiel Nederlân. Dus as it safier is: karnafalfierders, jim binne fan herte wolkom!

Trefwurden: 
karnaval
(advertinsje)