"Hylper taal fergetten troch Lân fan taal"

12 nov 2018 - 14:08

Der hat te min omtinken west foar de Hylper taal by de aktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Dat seit in groep Hylpers, dy't harren ynsette foar it behâld fan de taal. Benammen yn it projekt Lân fan taal hie der mear mei dien wurde moatten, sa fine se.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Der wie wol omtinken foar it Frysk, it Biltsk en it Stellingwerfsk, mar de Hylper taal kaam oarspronklik hielendal net yn it projekt foar", sa seit Roelie de Vries, ien fan de lilke Hylpers. "Wy ha doe sels noch in filmke makke yn de Hylper taal, mar dat ha se mar hiel minimaal meinaam. Sa hat it bygelyks nea te sjen west op de webside fan Lân fan taal."

Neffens de Hylpers is it omtinken foar de taal krekt no hiel wichtich. De Vries: "De taal stiet op in krityk punt. Der binne rûchwei 300 minsken dy't de taal no noch brûke. Wy wolle graach dat dat sa bliuwt of sels noch wat ferbetteret."

Roelie de Vries

Rêdingsplan foar it Hylpers

Moandei wurde ek de resultaten bekend makke fan in ûndersyk nei it Hylpersk en hoe't de taal rêden wurde kin. Dat ûndersyk is dien troch Ken Ho en Dyami Millarson, twa studinten dy't spesjaal foar it ûndersyk sels de taal leard hawwe. Ut harren ûndersyk docht bliken dat de taal eins al hast 400 jier itselde bleaun is.

Neffens de studinten is dat ek de krêft fan de taal. Mar om oerlibje te kinnen, moat der mear barre. Sa moatte der spesjale sesjes komme, wêrby't gebrûkers op leeftyd om tafel sitte mei de jongerein. Sa wurdt der dan echt yn it Hylpersk mei elkoar praat.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De taal fan thús

Yn opdracht fan de 'Stichting ta behâld fan it ymmaterieel erfgoed Hylpen' wurdt der op dit stuit in app boud oer de stêd Hylpen. Yn earste ynstânsje is dy allinnich yn it Nederlânsk beskikber, mar it is de bedoeling dat er ek yn it Hylpersk op de merk komt.

Dêrneist is de taal te finen yn it strjitbyld op de strjitnammebuordsjes en wurdt it Hylpersk brûkt op skoalle. "En we hoopje dat de bêrn de taal dan wer meinimme nei hûs ta, sadat ek de heiten en memmen it brûke sille.", sa seit Piet Sprik, foarsitter fan de stichting.

Digitaal Hylpersk

Neffens studint Dyami Millarson is it hiel wichtich om ek digitaal it Hylpersk te brûken. "Om de jongeren der by te belûken, moat de taal bygelyks ek op Twitter brûkt wurde. Mar it is net allinnich foar de jongerein; ek foar al dy âld-Hylpers dy't earne oars op de wrâld wenje is it wichtich. En dat is in hiel grutte groep. Op dizze wize komme se dochs noch yn kontakt mei it Hylpersk." Millarson tinkt dat ek de app dêrby helpe kin.

Studint Dyami Millarson

(advertinsje)