Steatsboskbehear siket fûgelwachters op Skylge

12 nov 2018 - 12:28

Steatsboskbehear komt mei in spesjale kursus om bewenners fan Skylge op te lieden ta fûgelwacht op de Boschplaat. Dêr binne oer it hiele seizoen rekkene no 85 frijwillige fûgelwachters aktyf. Dizze frijwilligers komme fan de fêste wâl. Steatsboskbehear wol ek Skylger natuerleafhawwers in kâns jaan dat wurk te dwaan om sa de eilanner befolking mear te belûken by it gebiet.

De Boschplaat mei de stôdyk op de eftergrûn. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De fûgelwachters op de Boschplaat sitte in wike lang yn ien fan de twa keten yn it natuergebiet. Dêr ûntfange se tûzenen besikers as gasthear. Mar sy hâlde ek tafersjoch. Om de eigen eilanners mear by de natoer te belûken, sil Steatsboskbehear de besteande frijwilligers in ferkoarte digitale kursus oanbiede. Ek de minsken dy't toeristen mei huifkartochten nei de Boschplaat ride, krije deselde kursus oanbean.

Takom jier los

De takomstige Skylger fûgelwachters moatte wol sollisitearje op de funksje. De kursus wurdt noch ûntwikkele en duorret fjouwer dagen. De bedoeling is om yn maart takom jier mei de kursus útein te setten.

Besikers oan de eastpunt fan Skylge op de Boschplaat. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Boskwachter Joeri Lamers

(advertinsje)