Menno Patat op 59-jierrige leeftiid ferstoarn

12 nov 2018 - 12:19

Menno Jansma, better bekend as Menno Patat, is sneintenacht op 59-jierrige leeftiid ferstoarn. Menno wie in begryp yn Ljouwert. Al mear as 36 jier hie hy snackbar 'De Tille' yn Ljouwert.

Menno Patat waard benammen bekend fan syn telefyzjeoptredens. Sa die hy by Omrop Fryslân, tegearre mei fêste klant 'Kootje', geregeld foarsizzings fan de wedstriden fan SC Hearrenfean en SC Cambuur. Al koe hy syn leafde foar Cambuur en dêrmei automatysk syn ôfkear fan SC Hearrenfean, net geheim hâlde.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)