Nij teäterstik fan Pier21: It wie op in simmerjun

Teäterprodusint Pier21 komt yn jannewaris mei in yngripende foarstelling basearre op wier barde ferhalen en gegevens. It stik 'It wie op in simmerjûn' is skreaun troch Bouke Oldenhof en wurdt spile troch Jan Arendz en Joke Tjalsma. It stik wurdt regisearre troch Jos Thie.
© Pier21
Yn 'It wie op in simmerjûn' wurde tema's lykas 'voltooid leven' en de 'maakbaarheid' fan it libben oansnien. It stik giet oer in jong stel en de âlden fan ien fan it stel. Arendz en Tjalsma spylje beide stellen. Sa komt oan bod hoefier wy ús eigen libben stjoere kinne en beslute kinne in ein oan ús libben te meitsjen.

Omtinken foar tema's

Op 16 jannewaris is de premjêre fan it stik. Omrop Fryslân sil yn jannewaris omtinken jaan oan it stik en de tema's dy't der yn foarkomme.