Rebûlje oer berne-opfang yn Ljouwerter wyk De Zuidlanden

12 nov 2018 - 12:00

Op de basisskoallen De Sprong en De Pionier yn de nije Ljouwerter wyk De Zuidlanden is grutte ûnrêst ûntstien oer de bûtenskoalske opfang (BSO). Dy BSO fynt no noch plak op de skoallen, mar troch de grutte groei fan it tal learlingen moat de berneopfang fan 1 jannewaris ôf sykje nei oare húsfêsting. Dy is der yn prinsipe wol yn oare dielen fan de stêd, mar it bestjut grutte praktyske problemen foar de âlden.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

Troch de ferhûzing kin it foarkomme dat twa bern út ien famylje beide nei in oare BSO moatte. Dêrneist is der soarch oer it perspektyf op de langere termyn. De gemeente is ferantwurdlik foar de húsfêsting, mar hat oant no ta noch gjin plannen dêr't de skoallen en âlden mei libje kinne. Sinne Kinderopvang is ferantwurdlik foar de BSO. Dat is in kommersjele organisaaje.

Twa nije lokaasjes

Foarige wike krigen âlden te hearren dat de berne-opfang yn De Zuidlanden ferhúzje moat. No komme der twa nije lokaasjes: ien yn Techum en ien yn Zuiderburen. It probleem is dat der by beide opfangen mar in beheind oantal plakken is. Guon âlden moatte ynkoarten mear as in kertier fytse om harren bern op te heljen, wylst dat no mar in fraksje dêrfan is. De nije situaasje set 1 jannewaris 2019 útein.

Ynformaasjejûn

De âlden waarden op in ynformaasjejûn ynljochte oer de tydlike oplossing. "Je voelde de spanning in de zaal. De adrenaline knalde eruit", seit Jacob Wijnsma. Syn 6-jierrige dochter sit op De Pionier en syn soan fan trije jier op de opfang. "Onze dochter zit toevallig in een BSO-groep die aan de Molkenkelder kan blijven, maar het is natuurlijk ontzettend vervelend voor de ouders die straks hun kinderen bij Het Hop in Zuiderburen moeten ophalen. Ouders worden op kosten gejaagd, want het kost hen meer tijd om de kinderen op te halen. Die rekening wordt bij de ouders neergelegd."

Logistike problemen

In mem fan twa skoalbern fan De Pionier sit mei har hannen yn it hier. "Wij hebben twee kinderen op De Pionier. Wij hebben een formulier gekregen waarop we kunnen aangeven hoe wij de BSO voor ons zien. Of plaatsing op de locatie aan Het Hop, of plaatsing in de BSO-groep van De Sprong, maar zodra die school gaat verhuizen, hebben wij opnieuw een probleem." Foar dizze mem smyt it ek logistike problemen op. "Mijn man is 's avonds eerder thuis, maar ik heb de auto dan nog. Dat zou dus betekenen dat hij de kinderen met één fiets moet ophalen, want de kinderen worden met busjes van de basisschool naar de BSO gebracht."

Dizze mem hat aanst in grut probleem

Gjin goede foarútblik fan de gemeente

Albert Helder fan de koepelorganisaasje Proloog makket him ek soargen. "Wy misse it takomstperspektyf by de gemeente Ljouwert. Wy hawwe dit probleem al in oantal jierren lyn oankaart by de gemeente, mar oant no ta ha wy gjin perspektyf krigen op in oplossing".

Jeannette Kramer, direkteur fan skoalkoepel BMS, dêr't basisskoalle De Sprong by oansletten is, wol net ynhâldik op fragen yngean. "Wij zijn geen partij in dit geheel. Sinne Kinderopvang en de gemeente Leeuwarden zijn verantwoordelijke voor de buitenschoolse opvang."

Ferfolchpetearen

Kommende tongersdei praat Proloog wer mei de gemeente oer dit probleem. De gemeente wie net presint op de ynformaasjejûn.

Albert Helder, direkteur fan koepelorganisaasje Proloog

(advertinsje)