Natuurmuseum Fryslân krijt stimpel 'Kidsproof'

12 nov 2018 - 11:18

It Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert is it iennige Fryske museum dat him kommend jier 'Kidsproof' neame mei. It museum krige fan sa'n 4.000 museumynspekteurs, bern oant en mei 12 jier, in 8.6 as sifer.

Foto: Natuurmuseum Fryslân

Lanlik sjoen ha de jonge ynspekteurs 11.000 rapporten oer musea ynlevere. Troch dy rapporten meie lanlik sjoen 70 musea harren takom jier 'Kidsproof' neame. Yn it Natuurmuseum foelen benammen it Spel met de Gans en de opsette bisten yn de prizen. Ek de nije ûnderwettertoer krige positive reaksjes, mar dizze attraksje leit der al wiken út om't de lift it net goed docht.

In eigen rapport

It wie de sânde kear dat bern in eigen rapport opstelle mochten oer musea. Yn dy rapporten sizze se wat se fan de aktiviteiten fine, wat se leard ha, oft de meiwurkers aardich wiene en wat se sels oan it museum feroarje soene.

(advertinsje)
(advertinsje)