Friezen meitsje har grutte soargen oer de klimaatferoaring

12 nov 2018 - 10:30

Friezen meitsje har grutte soargen oer de klimaatferoaring. Dat is ien fan de konklúzjes fan in ûndersyk fan studinten fan de Thorbecke Academie nei opfettingen fan boargers - jong en âld - oer de Europeeske Uny. De ûnderfrege boargers sjogge it bestriden fan de klimaatferoaring as ien fan de wichtichste taken fan de Europeeske Uny.

Dy útkomst is opfallend, want de soarch oer it klimaat yn it Thorbecke-ûndersyk is folle grutter as by de 'Eurobarometer', in grut Europeesk ûndersyk, earder dit jier.

Konklúzjes

De studinten presintearren it ûndersyk it ôfrûne wykein op in grutte ynternasjonale konferinsje yn it 'Rote Rathaus' fan Berlyn op útnûging fan de Dútske organisaasje 'Wir sind Europa'. Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat de measte Friezen achter de Europeeske Uny stean, mar tsjin ien Europeeske Republyk binne.

Oer hoe't it krekt fierder moat mei Europa binne ek de Friezen aardich ferdield: 36% wol in effisjinter Europa dat him fokust op 'haadsaken', wylst 29% foarstanner is fan fierdere yntegraasje fan de 27 lidsteaten, dy't nei de Brexit oerbliuwe. Mar 10% fynt dat de EU net hoecht te feroarjen en wol fierder kin mei de hjoeddeiske wurkwize.

"Wy wurde net heard"

It ûndersyk toant fierder oan dat der ek yn Fryslân praat wurde kin oer in kleau tusken gewoane minsken en de Europeeske Uny. Sa'n 44% fan de ûnderfrege boargers fynt dat syn of har stim 'net heard' wurdt yn Europa.

De Europeeske Uny en ek de politike partijen sille har dêrom takom jier bot ynspanne moatte om de minsken te motivearjen om te stimmen foar it Europeesk parlemint, tinke de studinten.

De Thorbecke Academie yn it Rote Rathaus fan Berlyn - Foto: Omrop Fryslân

Hidde Romkes oer de meast opfallende konklúzje fan it ûndersyk

Pittige diskusjes

De Thorbecke Academie fierde it ûndersyk út yn de foarm fan workshops, wêrby't pittich diskusjearre waard oer Europa. De studinten woene sa opfettingen oer Europa sammelje. Dêrby die bliken dat, oer it generaal, jongeren dochs wol wat pro-Europeesker binne as âldere generaasjes. Njonken Ljouwert waarden der ek workshops organisearre yn Grins en yn Swolle.

Symboalyske republyk

Oan de ein fan de konferinsje yn Berlyn waard de Europeeske Republyk symboalysk útroppen troch keunstners, politisy en wittenskippers. Dizze saneamde 'Europeeske balkon'-aksje is in inisjatyf fan de Dútske politikologe Ulrike Guérot en de skriuwer Robert Menasse en bestie út it foarlêzen fan in manifest en it spyljen fan de Europeeske hymne. Dêrby waarden ek giele 'Europeeske paspoarten' útdield. De balkon-aksje waard tagelyk yn tsientallen stêden troch hiel Europa hâlden.

De Thorbecke-studinten makken dit ûnderdiel net mear mei: sy wiene doe al mei de trein ûnderweis nei hûs.

It symboalysk útroppen fan de Republyk Europa op foar de yngong fan it Rote Rathaus - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei de studinten Hidde Romkes, Lisa Edema en Sarah Wessels

(advertinsje)
(advertinsje)