Steenstra en Wassenaar Nederlânsk kampioen muorrekeatsen

Tjisse Steenstra en Hans Wassenaar binne snein de winner wurden fan it Nederlânsk kampioen muorrekeatsen. It twatal wie better as Pieter Jan Leijenaar en Karel Monfils, dy't it sulver pakten. It brûns wie foar Jasper Boomsma en Kees van der Schoot.
© KNKB
By de froulju gong de winst nei Marike Beckers en Miranda Scheffer. It twadde plak wie foar Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Corrie Kroondijk en Fiera de Vries waarden tredde.
Muorrekeatsen is in kombinaasje fan keatsen en squash. Der wurdt spile mei in rubberen bal, dy't mei de bleate hân slein wurdt.