Kollum: "Unmisbere hantsjes"

12 nov 2018 - 07:57

"Tekort aan bouwvakkers: 'Jongeren willen geen vieze handen meer krijgen'. It is de titel fan in artikel dat ik dit wykein tsjinkaam. Neffens de NOS is it in gaos yn de bouwrâld, benammen yn Amsterdam. Der binne te min jongeren dy't foar in baan as stukadoar, timmerman of ynstallaasjemonteur kieze. Want, sa stelle de âldere kollega's, jongeren wolle gjin fize hannen mear krije. Mar is dat wier wol it probleem?

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Elkenien wit it: der binne te min handige Harry's en Henriëttes. Te min jonges en famkes dy't technysk binne. En dêr hat benammen de bou lêst fan. Wa't hjoed-de-dei in hûs bouwe wol, moat hast fjochtsje om boufakkers. Mar it probleem is folle grutter. It hat net allinnich mei fize hannen te krijen, it leit benammen oan it imago. En fansels - hoe soe it ek oars - oan it jild.

By ús yn de famylje binne in pear ZZP'ers, wêrûnder iksels. Lêstendeis hie ik it der mei myn sweager oer dat it drok wie. Hy is ZZP'er yn de bou en hat in grôtfolle aginda. Ek ik ha net te kleien oer wurk. En doe kaam it praat op de prizen. Wêr't hy swier wurk docht en mei waar en wyn bûten omspaant, sit ik alle dagen lekker waarm binnen achter myn laptopke. Boppedat is syn wurk in stik gefaarliker. En dochs binne de prizen dêr net neffens. En dat is bryk.

Wa't as boufakker, stukadoar of ynstallaasjemonteur goed fertsjinje wol, moat op dit stuit nei de Rânestêd, want dêr steane se om dy te springen. Ek yn de rest fan it lân ha wy ferlet fan handige minsken. Wy ha hjir yn Drachten in hiele simmer in iepenbrutsen dyk hân, om't der simpelwei te min strjitlizzers wiene dy't de stiennen der wer ynlizze koenen. Mar doe't de jongste by ús thús sei dat er miskien ek strjitlizzer wurde woe, tocht ik fuortendaliks: 'No, leaver net.'

Dy tinkwize is fout, ik wit it. Soe er as strjitlizzer gelokkich wêze, wa bin ik dan om him tsjin te hâlden? En wêrom is dat folle minder as dat er HBO Bouwkunde studearret? Want njonken minsken mei tûke kopkes moatte wy benammen fakmannen en -froulju mei goeie hantsjes ha. Mar dan moatte dy fakminsken dêr ek neffens wurdearre en betelle wurde. Sy binne ommers like min te missen as dy kollega's dy't it plan betinke.

Mei oare wurden: wy moatte bouwe oan in better imago foar de MBO'ers. Ik bin net de earste dy't dizze oprop docht. Sterker noch, der is in komplete kampanje foar op tou setten. Dy moat ús der allegear bewust fan meitsje dat wy net sûnder MBO'ers kinne. Dus krijt dyn bern VMBO KB as advys by de CITO toets, krûp dan net stil yn in hoekje omdast as heit of mem hope hiest dat er nei de Havo gean soe. Nee, wês bliid dat dyn soan of dochter ien fan dy ûnmisbere hantsjes wurdt.

Dat freget om in nije tinkwize. Ek by my. Wy moatte ôf fan it idee dat tûker altyd better is. Dus wol de jongste aanst wier strjitlizzer wurde, dan giet de flagge út. Mar miskien moatte we 'm noch wol efkes útlizze dat it der yn de bou krekt wat oars oan ta giet as wat er no bout by Minecraft."

(advertinsje)