Frou sûnder rydbewiis rint tsjin de lampe by oanriding

12 nov 2018 - 07:13

In 24-jierrige automobiliste út Ljouwert hat in proses-ferbaal krigen om't se yn in auto ried wylst se gjin rydbewiis hat. De frou rekke op de Brédyk by Goutum belutsen by in lytse oanriding. Doe't de plysje har kontrolearre, kaam oan it ljocht dat de frou gjin rydbewiis hat.

Rydbewiis en paspoart - Foto: Shutterstock.com
Trefwurden: 
Ljouwert Goutum rydbewiis
(advertinsje)