Sulver foar mingde ôflossingsploech by wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake

12 nov 2018 - 06:49

Op de lêste dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City hat de mingde ôflossingsploech mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Suzanne Schulting en Lara van Ruijven snein it sulver pakt. It fjouwertal naam fan begjin ôf oan de lieding, mar Knegt waard yn de alderlêste meters ynhelle troch de Hongaar Shaolin Liu, dy't dêrmei it goud pakte. It brûns wie foar Frankryk.

Foto: Martin de Jong

500 meter

Suzanne Schulting pakte op de lêste dei fan de World Cup ek noch it sulver op de 500 meter. Schulting besocht op de einstreek op akrobatyske wize noch lânsside te glippen, mar dat slagge net. It goud gong nei de Poalske Natalia Maliszewska, it brûns wie foar de Sineeske Kexin Fan.

By de manlju kaam Sjinkie Knegt op de 500 meter net fierder as de kwartfinale.

(advertinsje)