Kleaster Himmelum betinkt plan om opknapbeurt te bekostigjen

It Russysk-ortodokse kleaster fan Himmelum hat driuwend ferlet fan jild. It eardere tsjerkegebou dêr't it kleaster yn fêstige is, moat foar hast 100.000 euro opknapt wurde en dat jild is der net. It kleaster komt noch goed 30.000 euro tekoart. Om it bedrach dochs op it kleed bringe te kinnen, jout it kleaster no sertifikaten út. Dermei kinne je oer in pear jier it jild weromkrije.
Kleaster Himmelum betinkt plan om opknapbeurt te bekostigjen
De skuorren sitte yn de muorren fan it kleaster © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat de opknapbeurt nedich is, docht bliken út ûndersyk fan Monumintesoarch. Der moatte ûnder oare skuorren yn de muorren oanpakt wurde en de finsters moatte ticht makke wurde. Der komt op it stuit te folle focht it gebou yn en dat is ûnder oare min foar de ikoanen fan it kleaster.
Vader Jewsewy fan it Russysk-ortodokse kleaster © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Vader Jewsewy oer de skea oan it kleaster
De sertifikaten binne te krijen fia de webside fan it kleaster, mar ek is it mooglik om nei it kleaster ta te gean en in sertifikaat te keapjen by de mûnts Vader Jewsewy.