Ljouwerter filmfestival lûkt jier nei jier mear besikers

11 nov 2018 - 21:55

It Noordelijk Film Festival yn Ljouwert hat dit jier 25.000 besikers lutsen. Dat binne der twatûzen mear as foarich jier. Doe wiene der ek al mear besikers as it jier dêrfoar.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

It filmfestival yn Ljouwert liket alle jierren grutter te wurden. Yn 2015 kamen der noch 20.000 minsken op ôf. Eardere edysjes lutsen 5.000 oant 25.000 besikers.

De edysje fan 2018 is snein ôfsletten mei de film 'Laugh or Die'. Dat is in tragysk-komyske film út Finlân. Op de slotdei binne de publyksprizen ek útrikt. De Deenske thriller 'The Guilty' hat de tredde priis krigen. De biografy 'Becoming Astrid' oer Pippi Langkousskriuwster Astrid Lindgren wûn de twadde priis, en de komyske Finske film 'Heavy Trip' pakte de earste priis.

Earder waard al bekend dat in dokumintêre fan Omrop Fryslân de Noorderkroon Award wûn hat, foar de bêste dokumintêre. It giet om de film 'De Joadske Brulloft', makke troch Annet Huisman, oer in Ljouwerter famylje dy't yn de Twadde Wrâldoarloch nei Spanje flechte om oan de gaskeamers te ûntkommen.

In byld út de dokumintêre 'De Joadske Brulloft' - Foto: Omrop Fryslân

Yn in rige fan fiif programma's dy't opnaam binne yn De Harmonie hat Omrop Fryslân omtinken hân foar it filmfestival. De útstjoeringen binne makke ûnder lieding fan Karen Bies.

Karen Bies praat mei Fabian Jansen en Sytse Jansma - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Freed wie Omrop Fryslân by de priisútrikking fan it festival. Doe binne de makkers fan ûnder oare de bêste koarte film en de bêste dokumintêre yn it sintsje setten.

(advertinsje)