Weryndieling Ferwerderadiel driget ein te meitsjen oan âldjiersfeest fan Hallum

11 nov 2018 - 20:12

It sjocht der nei út dat der gjin âldjiersfeest mear komt yn it multyfunksjoneel sintrum fan Hallum. Dêrmei komt der in ein oan in tradysje fan trettjin jier. Regels fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân soene it feest net tastean.

Foto: ANP

De nije gemeente Noardeast-Fryslân, dy't op ien jannewaris offisjeel ûntstiet, wol drank en smokerij yn de âldjiersnacht net tastean. Dat betsjut dat it feest yn it Trefpunt net trochgean kin.

Alde gemeente knypte in eachje ticht

It gemeentebestjoer fan Ferwerderadiel, dêr't Hallum no noch ûnder falt, die by it feest wolris in eachje ticht. Minsken fan it Trefpunt soargen sels foar in oarderlik ferrin fan it feest. It wie bedoeld om de jongerein yn de âldjiersnacht in plak te jaan.

Bestjoerders en behearder fan it Trefpunt woene sa de jongerein fan de strjitte ôfhâlde, en fernielings foarkommen. Der wiene wolris wat ynsidinten, mar dy waarden troch de organisaasje sels oplost.

"Hanthavening is net mooglik"

Minderjierrigen hienen by de âldjiersfeesten faaks net in protte muoite om oan drank en smokerij te kommen. Goed hanthavenje is neffens de organisatoaren net mooglik.

"De jeugd is de hiele dei al ûnderweis en komt foar in grut part oansketten binnen", seit Joop Seepma, de behearder fan it Trefpunt.

Fan links nei rjochts: Theo Hoogerbrug, Afke de Vries en Joop Seepma fan it Trefpunt - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

"We kontrolearje wol op fjoerwurk en wapens. Mar as we strang hanthavenje op smokerij en drank, dan kinne we hast net ien mear binnen litte", seit Seepma.

Organisaasje kin hege boetes net betelje

Omdat Noardeast-Fryslân it feest net talitte wol, driigje der hege boetes foar de organisaasje. "Dan hâldt it op, want dy kinne we net betelje", seit foarsitter Theo Hoogerbrug fan it Trefpunt.

De foarsitter begrypt dat de nije gemeente gjin útsûndering meitsje wol foar Hallum, mar hy fynt it wol spitich. Krekt as de behearder is hy bang dat de jongerein no de strjitte opgiet, en dat der saken fernield wurde.

Fan ien jannewaris ôf geane de gemeenten Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel mei mekoar fierder as Noardeast-Fryslân. De gemeente Dantumadiel hat lang meidien oan de fúzje, mar bliuwt selsstannich. Op 21 novimber binne der ferkiezingen yn de trije weryndielingsgemeenten.

It Trefpunt yn Hallum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)