Reizgers nei de Rânestêd hoege tenei net sa lang mear te wachtsjen

11 nov 2018 - 19:10

Treinreizgers út Akkrum, Grou en Wolvegea hoege takom jier net mear twa kear tweintich minuten te wachtsjen as se ûnderweis binne nei de Rânestêd. No moat dat noch wol, yn Meppel en Zwolle. Fan april ôf giet de wachttiid yn Meppel werom nei 6 minuten.

Foto: ANP

De nije regeling is it resultaat fan oerlis tusken de provinsje en de NS. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Reizgers út Fryslân hellen earder dit jier sa'n 5000 hantekeningen op út protest tsjin de nije tsjinstregeling fan de NS. Yn dy regeling moasten se yn Meppel folle langer wachtsje as yn it ferline. Dat is no feroare.

(advertinsje)