UNIS Flyers fernederje tsjinstanner troch te winnen mei dûbele sifers

11 nov 2018 - 18:21

De UNIS Flyers ha yn de bekerkompetysje mei oermacht wûn fan de Tilburg Trappers. It ferskil wie tsien doelpunten. De einstân: 11-1 yn it foardiel fan Hearrenfean.

Foto: Martin de Jong

Troch doelpunten fan Adam Bezak foar de Flyers en Floris van Elten fan Tilburg wie it nei njoggen minuten noch lykspul. 1-1. Mar dêrnei kaam Tilburch der net mear oan te pas.

Der waard fierder skoard troch Pippo Limnell ('15), Ronald Wurm ('26), Pippo Limnell ('30), Adam Bezak ('36), Marco Postma ('39), Lars Den Edel ('42), Marco Postma ('43), Brent Janssen ('47), Tony Demelinne ('50), en Brent Janssen ('59).

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)