FIDEO: Sa soarget 'sterke man' Bart Helmholt foar in daverjende ferrassing op it NK

11 nov 2018 - 18:01

Ien fan de tolve dielnimmers oan it NK Sterke Man yn it WTC yn Ljouwert wie in debutant: âld-fierljepper Bart Helmholt fan Burgum. Hy traint pas sûnt april fan dit jier, mar dochs tocht er dat er by syn debút yn de kategory oant 105 kilogram wol in poadiumplakje feroverje koe. It slagge wûnderbaarlik.

Sûnt 2013 wurdt der yn Nederlân in NK Sterkste Man organisearre foar manlju oant 105 kg. Alle fiif titels oant no ta waarden wûn troch Gijs Boeijen út Baarn. En Helmholt koe him de baas.

Trefwurden: 
NK Sterkste Man Bart Helmholt
(advertinsje)