Hearrenfean biedt ekskús oan nei kânsleaze nederlaach yn Grins

11 nov 2018 - 17:36

Nei de nederlaach tsjin de nûmer lêst fan de kompetysje hat SC Hearrenfean ekskús oanbean oan de fans dy't meireizge binne. Yn de Euroborg ferlear Hearrenfean mei 2-0 fan FC Grins.

"Dit is niet de derby zoals we ons die voorgesteld hadden", seit ferdigener Dave Bulthuis fan SC Hearrenfean. "Daar bieden we onze excuses voor aan, aan de vele fans die in het stadion zaten." Mear as 20.000 minsken seagen de wedstriid yn de Euroborg.

Hearrenfean hat kânsleas ferlern. "Na het eerste kwartier was Groningen op ieder vlak scherper. Duels. Passes. Beleving. Ik denk dat dat ons genekt heeft vandaag", seit Bulthuis.

Trainer Jan Olde Riekerink begrypt wol dat Bulthuis ekskús oanbiedt. "Dat heb ik ook tegen de spelers gezegd. Er zijn meer dan duizend mensen mee, ik vond het heel indrukwekkend om ze te zien toen we het veld opkwamen. Dan hoop je natuurlijk dat we wat moois kunnen laten zien. "

Olde Riekerink kin net ferklearje hoe't it kin dat Hearrenfean ferlear tsjin Grins. "Soms zijn er van die wedstrijden... We kunnen een goed voetballende ploeg hebben, maar er was niets meer van over.."

"Ik vond dat we in balbezit heel slordig waren. We anticipeerden slecht, en kwamen niet in duel. Verdedigend waren we ondermaats. Groningen heeft ons op veel facetten afgetroefd."

Neffens Rodney Kongolo is it dúdlik. Normaal spilet hy op it middenfjild, mar tsjin Grins spile hy sintraal achteryn. "Het lukte vandaag niet. We waren gewoon niet goed genoeg."

It ferlies hat neat mei syn posysje op it fjild te krijen, seit er. "Ik heb ook fouten gemaakt. Of ik nou achterin speel of niet, het moet gewoon beter."

De earstfolgjende wedstriid fan Hearrenfean is tsjin PSV, yn Eindhoven, op 24 novimber.

Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)