SC Hearrenfean ûnderút yn noardlike derby tsjin FC Grins

11 nov 2018 - 14:27

It is SC Hearrenfean opnij net slagge om trije punten te pakken. Yn de 49e Derby fan it Noarden waard der mei 2-0 yn en fan Grins ferlern.

Foto: www.orange-pictures.nl

Beide ploegen begûnen foarsichtich en nei in earste kâns foar de Feansters, wie it Django Warmerdam dy't yn de 27e minút de iepeningstreffer makke foar FC Grins: 1-0. Net folle letter makke Yuki Kobayashi hast de lykmakker, mar doelman Sergio Padt koe de bal noch krekt keare.

Yn de 38e minút kaam SC Hearrenfean fierder op achterstân. Japanner Ritsu Doan skeat fan tweintich meter ôf de 2-0 yn it doel fan Warner Hahn.

De rest fan de wedstriid hiene de Friezen net folle mear yn te bringen tsjin de Grinzers. Ek mei trije wikselingen koe trainer Jan Olde Riekerink gjin feroaring mear bringe yn de achterstân foar Hearrenfean.

(advertinsje)