Ljouwerter ûndersykssjoernalist sil op syk nei fermiste migrantebern

11 nov 2018 - 11:19

Online ûndersykssjoernalist Christiaan Triebert sil him de kommende tiid dwaande hâlde mei it sykjen nei fermiste migrantebern. De 27-jierrige âld-Ljouwerter sil dat mei oare Nederlânske sjoernalisten op him nimme. Triebert is lid fan it online sjoernalistekollektyf Bellingcat dat in soad sukses hat mei it oplossen fan grutte misdieden oer de hiele wrâld.

Sa wie Bellingcat bepalend yn it ûndersyk nei it delsjitten fan de MH17. Ek fûnen se de fergiftigers fan de eardere Russyske spion Skripal en syn dochter yn Londen. Triebert wûn yn 2017 de European Press Prize foar syn rekonstruksje fan it besykjen fan de steatsgreep yn Turkije yn 2016. Dêryn brûkte er de WhatsApp-petearen fan de minsken dy't de macht gripe woene, om te sketsen wat him dêr allegear ôfspile.

Altyd ûnderweis

Triebert is kontinu ûnderweis. Sa hat hy krekt yn Amearika west foar in ûndersyk fan The New York Times nei de moard op de Saûdyske sjoernalist Jamal Khashoggi yn de Saûdyske ambassade yn Turkije.

Yntusken is Triebert alwer yn Georgië en fljocht er sa wer troch nei oare parten fan de wrâld. Hy docht in soad workshops en lêzingen oer online ûndersykssjoernalistyk. Neffens Triebert is dat de takomst fan de sjoernalistyk. Undersyk fia sosjale media sil hieltiid wichtiger wurde, seit er.

Foto: Omrop Fryslan

Undersykssjoernalist Christiaan Triebert

Triebert fertelt dat hy syn wurk fantastysk fynt en nea dreame kinnen hie, dat it sa'n sukses wurde soe mei de Bellingcatgroep. Se bepale sels wat harren ûndersyksûnderwerpen binne, mar as minsken by harren komme mei in fraach, sjogge se oft se helpe kinne. Hiel wichtich foar de groep is, dat de 'gewoane' ynternetbrûkers meihelpe mei it sykjen. Dat dêr ek gefaren oan sitte, dêr is de sjoernalist him wol fan bewust.

Net oars as plysjewurk

Gefaren foar himsels sjocht hy net echt. Se binne dwaande mei prekêre ûnderwerpen, dêr't regearingen fan bepaalde lannen net wiis mei binne. Yn Nederlân is dat hielendal gjin probleem, mar yn Ruslân leit dat oars.

Triebert fynt syn wurk lykwols net oars as it wurk fan in plysjeman of by justysje. By bepaalde fakken rinne je mear risiko as by oare, seit er. Wol hat hy bytiden soargen oer minsken út soksoarte lannen, mei wa't se gearwurkje. Dy minsken binne minder beskerme.

Op 16 novimber komt der in dokumintêre út oer de kearngroep fan Bellingcat, dêr't Christiaan Triebert ûnderdiel fan útmakket. In ploech fan de VPRO hat it team trije jier folge. De film giet yn premjêre op it ynternasjonale dokumintêrefestival IDFA yn Amsterdam. Dêrnei giet de film op ferskate plakken de bioskopen en filmhuzen yn. Ek yn Ljouwert sil de dokumintêre te sjen wêze en letter komt er noch op telefyzje.

(advertinsje)