Auto botst tsjin beam, bestjoerder naait út

11 nov 2018 - 08:23

Op de Skieding (N358) tusken Drachtsterkompenije en it Grinzer De Pein is sneontejûn in auto frontaal tsjin in beam botst. Nei it ûngelok naaide de bestjoerder fan de auto út, de greiden yn. De plysje hat noch mei in speurhûn nei de automobilist socht, mar koe dy net mear fine.

Foto: De Vries Media

Fanwege it ûngelok waard de dyk tydlik ôfsletten. De auto rekke bot skansearre en is ôffierd troch in berger.

(advertinsje)