Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting winne goud yn Salt Lake City

Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting ha by de wrâldbeker yn Salt Lake City goud wûn. Op de 1500 meter wie Knegt oppermachtich. Hy pakte hast fan it begjin ôf de kopposysje en joech dy net mear út hannen. De Koreaan Lee waard twadde foar de Kanadees Steven Dubois. Ferline wike wûn Knegt op de yndividuele ôfstân gjin medalje, mar wol mei de ôflossing (brûns en sulver).
Argyffoto Suzanne Schulting © www.orange-pictures.nl
Suzanne Schulting wûn ferline wike yn Calgary ek al goud op de 1000 en 1500 meter. No werhelle se har keunstke. Trije rûntsjes foar de ein pakte se de kopposysje en de Russin Prosvirnova en de Sinese Fan koene har net mear foarby komme. Yara van Kerkhof waard yn de finale fiifde en lêste.
Rianne de Vries helle as tiidrapste de finale op de 1500 meter en waard dêryn fjirde efter de Koreanen Choi en Kim en de Sinese Li.
Sjinkie Knegt © www.orange-pictures.nl