LDODK ferliest yn noardlike derby fan DOS'46

10 nov 2018 - 21:49

De kuorballers fan LDODK fan De Gordyk binne sneontejûn mei 33-27 ûnderút gean tsjin DOS'46. Dêrmei rûn de noardlike derby yn de kuorbal league foar de thúsploech út op in flinke teloarstelling.

DOS'46 betiid op foarsprong

Yn it begjin fan de wedstriid pakten de besikers fan DOS bretaal de foarsprong (2-5). Dat lytse gat koe de ploech út Nijeveen fêsthâlde. LDODK like tichteby te kommen nei goed wurk fan Friso Boode (8-9) mar de besikers makken der mei in tuskensprint even letter 10-15 fan. Fiif punten wie ek it gat by it skoft (12-17).

Ek nei it skoft wie DOS'46 de bettere ploech. De foarsprong waard allinnich mar útwreide (17-25) sa't LDODK de oerwinning rap ferjitte koe. De Gordyksters makken it gat noch wol lytser (27-31), mar mear siet der net yn foar de thúsploech.

Yn de kuorbal league spylje de bêste 10 ploegen fan Nederlân. TOP út Sassenheim is regearend Nederlânsk kampioen.

Oan de ein fan de kompetysje spylje de boppeste fjouwer teams play-offs om de lânstitel. Fia in "beste-fan-trije" wurde de twa finalisten bekind.

De finale is yn de Ziggo Dôme yn Amsterdam.

Dit binne de 10 KL-teams:

1 Blauw Wit (Amsterdam)

2 DeetosSnel (Dordrecht)

3 DOS'46 (Nijeveen)

4 DVO (Bennekom)

5 Fortuna (Delft)

6 KCC (Capelle)

7 KZ (Koog aan de Zaan)

8 LDODK (Terwispel/Gorredijk)

9 PKC (Papendrecht)

10 TOP (Sassenheim)

Nûmer 10 degradearret streekrjocht, nûmer 9 spilet noch play-down duels tsjin de ferliezend haadklasse-finalist.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(advertinsje)