Basketballers Aris ûnderút tsjin Feyenoord

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha sneontejûn teloarstellend ferlern fan Feyenoord út Rotterdam. It waard 83-72 foar de Rotterdammers. Yn de earste helte fan de wedstriid rûn Aris in efterstân fan 13 punten op, en dat koe de ploech letter net mear goed meitsje. Topskoarder by Aris wie Griffin Kinney mei 28 punten.
© Aris Ljouwert

Rap op efterstân

Yn it begjin fan de wedstriid pakte Aris noch betiid in foarsprong. Nei fiif minuten stie it 11-7 foar de Ljouwerters. Dêrnei kaam Rotterdam better yn de wedstriid. By it ein fan it earste kwart wie it yntusken 27 - 19 foar de thúsploech.
Feyenoord gie dêrnei troch want yn it twadde kwart hie Aris net in soad yn te bringen. De stân by it skoft wie dan ek 43-30 foar de Rotterdammers.

Better mar net genôch

Aris kaam better út de klaaikeamer yn de tredde perioade. De Ljouwerters giene gelyk op mei Feyenoord, mar tichter kaam de ploech fan Tony van den Bosch net. Nei it tredde kwart wie de stân 62-50.
Ek yn de fjirde perioade hie Aris it bettere spul. Foarsichtich makken se it ferskil wat lytser (74-66), mar de oerwinning fan Feyenoord kaam net mear yn gefaar.