Mats Stoltenborg en Irene Schouten winne op Thialf

De fjirde maraton fan de KPN Cup op Thialf is sneontejûn wûn troch Mats Stoltenborg. Hy wie de rapste yn in kopgroep mei Jorrit Bergsma en Marcel van Ham. By de froulju sprinte Irene Schouten nei de winst.
Gearfetting maraton by de manlju

Ronde foarsprong foar trije man

By de manlju gie de wedstriid oer 125 rondes. Healwei de wedstriid stapte de Koreaan Seung Hoon Lee, de Olympysk kampioen op de massastart fan Pyeongchang, nei goed sechstich rondes út de wedstriid.
Efkes letter pakten trije riders in ronde foarsprong. Mei noch 40 rondes te gean wiene it Jorrit Bergsma, Mats Stoltenborg en Marcel van Ham dy't de oansluting makken mei de efterkant fan it peloton. Dat besocht letter ek in groepke mei sprinter Gary Hekman, mar dat slagge se net.
De trije koprinners moasten it útmeitsje yn in einsprint. Ien ronde foar de finish gie Bergsma fan kop ôf oan. Yn de lêste bocht kaam Stoltenborg binnentroch by Bergsma en hy wie krekt earder by de streek as Bergsma.
Jorrit Bergsma

Ploech Anema wint by de froulju

By de froulju wie Irene Schouten de winner nei 80 rondes. Sy wie yn de sprint fan in kopgroep de rapste fan fyftjin froulju. Dat hie se net allinnich te tanken oan har rappe einsprint. Ploechgenoat Carien Kleibeuker goaide it tempo yn de kopgroep tsjin de ein fan de wedstriid behoarlik omheech. Dêrtroch koe der gjinien ûntsnappe, en koe Schouten it yn de sprint ôfmeitsje. Imke Vormeer waard twadde, Iris van der Stelt tredde. Schouten is ek de nije lieder yn it algemien klassemint.
Gearfetting maraton foar froulju
Bêste Friezinne sneontejûn wie Bianca Bakker fan Wynjewâld. Sy wie earder yn it jier al trije kear tredde en waard no fjirde. Dêrmei stiet se yn it algemien klassemint fan de KPN Cup twadde, Irene Schouten stiet no earste.
Bianca Bakker nei har fjirde plak