Frico-kolleksje nei Lânboumuseum

10 nov 2018 - 19:19

Wêr't de kolleksje út bestiet is foar it museum noch in ferrassing, mar der komt in grutte Frico-kolleksje nei it Lânboumuseum by Goutum. De Frico-kolleksje komt fan Robert Visser. Hy hat jierrenlang dwaande west mei it sammeljen fan objekten dy't te meitsjen ha mei de Fryske suvelskiednis. De doazen moatte allegearre noch útpakt wurde en foar it museum is it ek in ferrassing wat dêr út komme sil.

De kolleksje bestiet út in pear tûzen foarwerpen, lykas ôfbieldingen, reklamemateriaal en dokuminten. Direkteur Henk Dijkstra fan it Lânboumuseum is tige bliid mei de komst fan de kolleksje: "Mei tank oan de ynspannings fan Visser is in prachtige histoaryske kolleksje ta stân kaam, dy't unyk is foar ús lân."

Trefwurden: 
Goutum Lânboumuseum Frico
(advertinsje)