Bart Helmholt twadde op NK Sterkste Man

10 nov 2018 - 18:51

Bart Helmholt fan Burgum is op it NK Sterkste Man as twadde einige yn de klasse oant 105 kg. Yn it WTC yn Ljouwert ferwûndere âld-fierljepper freon en fijân troch leafst trije fan de fiif ûnderdielen winnend ôf te sluten.

Hy wie de sterkste by it frachtweinlûken, hy wûn de "timberwalk", it rinnen mei twa beamstammen fan 100 kg it stik yn in nij Nederlânsk rekôr. Ek wie hy de fluchste by it slot-ûnderdiel, de fiif stiennen oplade fan 110 kg oprinnend nei 170 kilo. Dêrmei bleaun Helmholt fiiffâldich kampioen Gijs Boeijen foar.

De titel gie nei Werner van Althuis út Baarn, dy't gemiddeld krekt wat better skoarde as Helmholt.

Trefwurden: 
Sterkste Man Bart Helmholt
(advertinsje)