FIDEO: Sense of Place: 'Leven onder aan de dijk'

10 nov 2018 - 18:24

Mei hynder en wein fan eksposysje nei eksposysje. Sense of Place iepene dit wykein de route 'Leven onder aan de dijk' yn Blije. De rûte bestjit út ferskate lokaasjes, allegeare fertelle se in uniek ferhaal oer it libben ûnder oan de dyk. Ien fan de eksposysjes giet oer it libben fan de ierappelboer. In oare eksposysje op de rûte lâns it Waad is makke troch Sweedse studinten dy't socht ha nei boumooglikheden yn it lânskip.

Op 10, 24 en 28 novimber giet de panoramawein fan De SeedyksterToer troch it doarp om minsken fergees fan lokaasje nei lokaasje te riden. De eksposysjerûte is te dwaan oant en mei 30 novimber.

(advertinsje)