Ljouwert is meast bistfreonlike gemeente fan Nederlân

De gemeente Ljouwert is útroppen ta meast bistfreonlike gemeente fan Nederlân. Dy ferkiezing waard organisearre troch de stichting DierenLot. Dy stichting seach by 33 gemeenten nei mar leafst 29 kritearia.
De priiswinners © Stichting DierenLot
Ljouwert skoarde posityf op 27 fan dy 29 punten. Neffens it sjueryrapport hat de gemeente in amtner dy't troch gearwurking mei syn kollega's ynstekt op grien belied, lykas griene muorren, bijelinten en flintertunen. Ek de gearwurking fan de gemeente mei skoalle Van Hall wurdt posityf beoardiele, om't dêrmei de jongerein yn de gemeente ek yn de kunde komme mei bistfreonlik belied. Fierder is Ljouwert koprinner yn de kategory bermbehear.
Stichting DierenLot hopet dat oare gemeenten Ljouwert as foarbyld nimme sille by it ûntwikkeljen fan harren belied.