Nij Frysk selskipsspul: It giet oan!

10 nov 2018 - 17:04

Wa wie Bintje? Hokker kleur hat Oranjekoeke? En wa is der yn 754 by Dokkum fermoarde? Wat giet der krekt oan as der 'It giet oan' sein wurdt? It binne 4 fan de 400 fragen yn it Fryske selskipsspul KREK Fryslân.

It spul KREK Fryslân - Foto: Uitgeverij Nobelman

It spultsje bestiet út tachtich kaarten dy't allegearre bestean út fiif fragen yn fiif rubriken. Doel is om seis ferskate efterkanten te pakken te krijen, dy't tegearre in moaie plaat oer Fryslân foarmje.

Ek Fryske pommeranten út it ferline komme foar yn it spultsje. Sa kin in spiler help krije fan Eise Eisinga. Mata Hari en Grutte Pier wurkje dan wer tsjin de spiler.

'Spel bedoeld voor Friezen'

"Het spel is voor de Friezen zelf bedoeld. Een Amsterdammer zal vast ook wel een vraag goed kunnen beantwoorden, maar dat is het dan ook wel," sa seit Gerrit Brand, dy't wurket foar de útjouwer fan it spultsje. "We hebben dit spel ook in Groningen uitgebracht en dachten, waar houden mensen nog meer van hun provincie?"

Spultsje SYF 10-11-2018

Gerrit Brand oer it spultsje KREK Fryslân
Trefwurden: 
KREK Fryslân selsskipspul
(advertinsje)