Anton Wachterpriis útrikt oan skriuwster Ellen de Bruin

10 nov 2018 - 15:53

Skriuwster Ellen de Bruin hat yn Harns de Anton Wachterpriis krigen. Dy priis wurdt ien kear yn 'e twa jier útrikt foar it bêste literêre proazadebút. De Bruin krijt de priis foar har roman Onder het ijs. De sjuery neamt har boek in ambisjeuze, ûndersykjende en waarmbloedige roman oer de minsklike driuwfearren en dwaalwegen.

Ellen de Bruin is wittenskipsredakteur fan NRC Handelsblad. Se is de tweintichste winner fan de Anton Wachterpriis, dy't bestiet út 2.000 euro en in byldsje. De priis is útrikt yn de Grutte Tsjerke yn Harns. De priis is ferneamd nei de haadpersoan fan in romanrige fan skriuwer Simon Vestdijk fan Harns.

De Bruin is de tweintichste winner fan de Anton Wachterpriis. De sjuery bestie dit jier út Gerbrand Bakker, Kees 't Hart, Joke Linders, Marja Pruis en Geart de Vries. Der wiene noch fjouwer oare nominearren: Wormen en Engelen fan Maarten van der Graaff, Astronaut fan Pieter Kranenborg, Aantekeningen over het verplaatsen van obelisken fan Arjen van Veelen en Kleihuid fan Herien Wensink.

De Ina Dammanpriis - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Reportaazje oer de útrikking fan de Anton Wachterpriis yn Harns

De Ina Dammanpriis

Skriuwer Maarten 't Hart krige sneon de Ina Dammanpriis. Dy krige hy om't der yn syn essays en syn publike optredens in soad oandacht hat foar Simon Vestdijk. 't Hart wie sels, wegens 'fysiek ongemak', net oanwêzich by de priisútrikking. Yn in ynterfjoe earder opnaam fertelt hy hoe't Vestdijk in grutte ynfloed hân hat op syn libben. Kees 't Hart naam de priis út namme fan 't Hart yn ûntfangst.

Simon Vestdijk wie ien fan de meast produktive skriuwers yn Nederlân. Hy groeide op yn Harns. Anton Wachter wie in wichtige romanfiguer yn in rige fan Vestdijk dy' hy skreaun tusken 1934 en 1960. It wie in autobiografyske syklus fan Vestdijk. It spile him ôf yn Lahringen(Harlingen).Terug tot Inna Daman wie ek in roman yn de syklus. Dy gie oer de ûnberikbere leafde fan Wachter.

Vestdijk skreau sa'n 200 romans, essay's, wittenskiplike artikels en poëzy. Vestdijk libbe fan 1898 oant 1971.

(advertinsje)