Auto brânt folslein út op sneldyk by Aldehaske

Op de A7 is ta hichte fan Aldehaske in auto yn de brân flein. De rjochterrydstrook is ôfsletten. It ferkear kin der del, mar fan it knooppunt ôf Drachten stiet wol in file yn de rjochting fan De Jouwer.
© Camjo Media
Om trije oere middeis hinne is de brânwacht mei meardere weinen útriden om it fjoer te blussen. Brânwachtminsken út Tsjalbert en Hearrenfean binne oanwêzich op de A7.
De auto is folslein útbrând. It is net dúdlik oft der slachtoffers fallen binne. Oer de oarsaak fan de brân is ek neat bekend.