Boargemaster Crone wiist demonstraasjeferbod yn Ljouwert ôf

10 nov 2018 - 14:40

Boargemaster Crone fan Ljouwert sil de demonstraasje tsjin Swarte Pyt, sneon oer in wike, net ferbiede. De FNP hie dêrom frege. Crone fynt it rjocht om te demonstrearjen belangryk. Boppedat hat aksjegroep Kick Out Zwarte Piet noch gjin offisjele oanfraach foar in demonstraasje dien. Neffens de FNP moatte de demonstranten mar in ein út it sintrum wei harren aksje fiere. De aksjegroep wol demonstrearje yn Ljouwert en yn Dokkum.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Jan Willem Tuininga fan FNP Ljouwert en boargemaster Ferd Crone oer it demonstraasjeferbod

"Ik denk dat we allemaal vinden dat het recht op vrije meningsuiting, dus ook het recht op demonstratie, een groot goed is", seit boargemaster Crone. "Daar staat Nederland in de hele wereld om bekend. Dat is ons democratisch grondrecht, waarvan ik niet alleen zelf vind dat het belangrijk is, maar dat bevestigen rechters iedere keer weer opnieuw. Dat grondrecht wil ik zelf beschermen, maar dat is ook mijn wettelijke plicht."

"Spikers mei koppen"

Jan Willem Tuininga fan FNP Ljouwert fynt dat de boargemaster fan Ljouwert goed trochpakke moat nei foarbyld fan Den Haag. Dêr meie de demonstranten gjin aksje fiere op it plein dêr't Sinterklaas de stêd binnenkomt. Tuininga: "Spikers mei koppen. En wy fine dat moat einliks oeral yn Nederlân, mar yn ús gemeente bringe wy dat yn. Hjir yn Ljouwert moat dat sowieso."

(advertinsje)
(advertinsje)