Moanlikse soarchpreemje De Friesland giet flink omheech

10 nov 2018 - 13:30

De meastkeazen soarchfersekering fan fersekerder De Friesland wurdt 8,50 euro djoerder. It moannebedrach is bepaald op 125,45 euro. Dat is in groei fan mear as 7 persint. By in tal oare fersekerders is de taname leger.

Soarchfersekerder De Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Alles Verzorgd Polis koste foarich jier noch 116,95 yn de moanne. Dat is takom jier 125,45 euro. De preemje fan de Vrije Keus Polis giet mei in tientsje omheech. It moannebedrach komt op 132,25 euro.

De fersekering wurdt djoerder omdat De Friesland ferwachtet dat de kosten it kommende jier omheech gean sille. Dat komt ûnder oare trochdat de basisfersekering útwreide wurdt, en trochdat it lean yn de soarch omheech giet.

De Friesland is de grutste soarchfersekerder yn de provinsje. Mear as de helte fan de Friezen is dêr fersekere.

"De zorgkosten blijven stijgen, er gaat in onze regio een tekort ontstaan aan gekwalificeerd personeel en we worden gemiddeld genomen ouder en hebben daarom meer zorg nodig," seit direkteur Steven Hofenk.

De Friesland wol ynsette op ynnovaasje en previnsje, seit de direkteur. "We moeten op zoek naar alternatieven. Een gezonde levensstijl kan veel zorgkosten voorkomen."

(advertinsje)
(advertinsje)