UPDATE: Teller donaasjes foar heger berop A7-blokkearders al oer 100.000 euro hinne

De jildynsammelaksje foar it heger berop yn de saak fan de A7-blokkearders hat yn koarte tiid al mear as 100.000 euro opsmiten. Dat betsjut dat der mear jild binnenkaam is as de foarige kear dat der jild ynsammele waard foar de blokkearders. Sneontemoarn om 7 oere hinne stie de teller noch op 10.000 euro.
Jenny Douwes © Kappers Media
De earste donearaksje smiet sa'n 43.000 euro op. Mei dat bedrach binne de advokatekosten betelle foar it proses dêr't freed in útspraak yn kaam. De rjochtbank joech 33 blokkearders taakstraffen fan 80 oant 200 oeren. Inisjatyfnimmer Jenny Douwes krige de maksimale taakstraf fan 240 oeren.
Der binne al mear as 4900 donaasjes dien. De minsken dy't diskear jild jouwe binne it net iens mei de straffen. Se neame de blokkearders helden, en beskermers fan de Nederlânske kultuer. "Wij hebben veel respect en waardering voor jullie. Veel succes in het hoger beroep. Asociaal hoge straffen uitgedeeld", seit in donateur.