Measte Fryske shorttrackers dogge goede saken yn Salt Lake City

10 nov 2018 - 12:06

De measte Fryske shorttrackers binne troch nei de folgjende faze op de twadde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen, dy't dit wykein yn Salt Lake City holden wurdt. Allinnich Dennis Visser en Itzhak de Laat binne útskeakele.

Foto: AW Foto

1000 meter

Op de 1000 meter giene Daan Breeuwsma by de manlju en Suzanne Schulting en Rianne de Vries by de froulju troch nei de kwartfinales. Dennis Visser en Itzhak de Laat waarden útskeakele.

500 meter

Sjinkie Knegt hat goede saken dien op de 500 meter en is troch nei de kwartfinales, wylst Breeuwsma him net pleatste troch in fal. By de froulju waard Schulting earste op dizze ôfstân en gie dus ek troch.

1500 meter

Knegt gie ek mei oermacht troch nei de folgjende ronde op de 1500 meter. Hy starte út de lêste posysje wei, mar mei noch seis rûntsjes te gean, gie er fluch bûtenom en pakte sûnder bedriging de winst. De Laat foel oer in blokje en waard útskeakele. De Vries waard twadde by de froulju en gie ek wer in faze fierder.

Oflossing

De Nederlânske frouljusploech, mei Rianne de Vries, Suzanne Schulting, Yara van Kerkhoven en Lara van Ruijven, wist har ienfâldich te pleatsen foar de heale finale fan de ôflossing. Se stride sneon tsjin Ruslân, Hongarije en Italië.

De folslein út Friezen besteande manljusploech, mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dennis Visser, waard útskeakele. En dat wylst se ferline wike yn Calgary noch brûns pakten.

Knegt en Breeuwsma binne mei Suzanne Schulting en Avalon Aardoom wol troch nei de heale finale op it nije ûnderdiel Mixed Relay. Se komme dan út tsjin Kanada, Poalen en Hongarije.

De wrâldbekerwedstriid yn de Amerikaanske stêd Salt Lake City is sneon en snein live te folgjen fia de online stream fan de International Skating Union.

(advertinsje)