Kollum: "Eamel Ratelband syn Tinderprofyl"

10 nov 2018 - 08:14

"It sil net al te lang mear duorje, dan wurd ik samar ynienen fyftich jier, as ik it belibje mei. As bern fûnen je minsken fan fyftich stokâld en dat is fansels ek sa. Manlju fan fyftich binne yn 'e regel al sa keal as in biljertbal, se sitte djip yn de midlife krisis en as ekstra domme gewoante gean se ien kear yn de 14 dagen noch nei it fuotbal te sjen. No, dan ha je by de jongerein fan no echt wol ôfdien.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Manlju fan fyftich binne grutte sukkels, se rinne de doar by dokter plat, want by elke stek yn de rêch miene se dat se ûngenêslik siik binne en grif de folgjende jierdei net helje sille. Hjir oan taheakje dat de gemiddelde man al in moai ein nei de tachtich jier wurdt, helpt net. Manlju fan rûn de fyftich binne in hopeloas soadsje wrâldbefolking.

Se sizze hjoed-de-dei dat fyftich it nije fjirtich is, der binne sels optimisten dy't dêr tritich fan meitsje. Mar ek dy moatte der nachts ôf te pisjen, hear. Lit se jim net foar it lapke hâlde, it is foar it grutste part grutspraak. As je fyftich wurde, binne je dwaande mei de twadde helte. Mar, je kinne ek sizze dat de tredde perioade noch komme moat.

Sjoch, dat is it moaie fan iishockey. Dêr diele se it yn trije parten op. Der binne ek sporten dy't mei kwarten wurkje, mar dat is dan wer krekt wat oerdreaun. Stel dat immen tachtich wurdt, dan sit er no dus midden yn de twadde perioade en moat der noch in tredde komme. Dy begjint dan by 54. Dat klinkt al wer hiel oars as sizze dat je mei de twadde helte dwaande binne. It komt op itselde del, mar in minske wol no ienkear graach foar de gek holden wurde.

Eamel Ratelband wie dizze wike ek wer yn it nijs. De man sit djip yn de twadde helte en sels syn tredde perioade is al aardich op wei. Hy wol no besykje oft de rjochter him ek tweintich jier jonger meitsje kin. Want, sa seit er, mei syn 69 jier krijt er net folle respons mear op Tinder. Miskien goed om foar de âlderein even út te lizzen dat Tinder de nijerwetske digitale ferfanger fan de Bokkeleane is. Of hokker dyk je eartiids ek mar del moasten om in faam te finen.

As je der wat wiskundich nei sjogge, is Ratelband mei syn hast 70 jier eins noch in jongkeardel. Want as fyftich it nije tritich is, soe santich it nije fyftich wêze moatte. Om dêr no in rjochtsaak oer te begjinnen is wer typysk wat foar de hjoeddeistige tiid. Se begjinne oeral rjochtsaken oer. Rjochtsaken tsjin bernefeestjes, rjochtsaken oer bisten dy't troch oerbefolking ferrekke fan de honger. As dêr dan in oplossing foar fûn wurdt, komt dêr ek wer in rjochtsaak tsjin. Moedeleas soenen je der fan wurde.

Noch in pear jier, dan begjint myn tredde perioade. En ik bin net fan doel om oan de rjochter te freegjen oft er my jonger ferklearje wol. Hoecht ek net, ik bin net keal, sterker, ik ha in prachtige bosk mei krollen dat noch mar op in pear plakken in bytsje griis is. Griis is trouwens de nije moadekleur kwa hier, dus bêste minken, it wurdt allinnich mar better. Tsjakkaaa!"

(advertinsje)