A7-blokkearders sammelje jild yn foar heger berop

10 nov 2018 - 07:47

De minsken dy't freed feroardiele binne foar it blokkearjen fan de A7 om in demonstraasje tsjin Swarte Pyt tsjin te hâlden, wolle yn heger berop en sammelje dêrfoar jild yn. Dat docht bliken út in Facebookpost fan de inisjatyfnimmer fan de blokkade Jenny Douwes, de 33 oare demonstranten en ynsamler Robin van Prattenburg.

Jenny Douwes - Foto: Kappers Media

Mei in online ynsammelaksje wolle se jild ophelje om de advokatekosten te beteljen. Der is al mear as 27.000 euro ophelle. In eardere aksje om jild yn te sammeljen foar it proses hie mear as 40.000 euro opsmiten.

Op de webside fan de donearaksje is te lêzen dat de útspraak fan de rjochter de blokkearders "behoorlijk zwaar" falt. "Echter, de vorige pot is leeg. Het zou fantastisch zijn, en wellicht noodzakelijk, om een groot bedrag op te halen zodat de advocaten hun cliënten zo goed mogelijk kunnen bijstaan en vertegenwoordigen."

Taakstraffen

De straffen foar de A7-blokkearders fariearje fan 80 oeren oant 200 oeren taakstraf. Jenny Douwes moat in taakstraf fan 240 oeren dwaan en se hat in finzenisstraf fan in moanne ûnder betingst krigen foar it opstoken fan de minsken.

(advertinsje)