Winst én ferlies foar Fryske sealfuotbalfroulju

09 nov 2018 - 23:19

De Fryske sealfuotbalfroulju wiene freedtejûn wer oan set. Sawol Avanti as Drachtster Boys spilen wedstriden yn de sealfuotbal-earedifyzje. Avanti naam it op tsjin vv Nieuw-Roden. By rêst wie de achterstân foar Avanti noch te oersjen, mar se ferlearen de wedstriid úteinlik mei 7-2.

Foto: twitter @dftda1

Drachtster Boys

Drachtster Boys hawwe freedtejûn einliks wer ris in oerwinning pakt. Yn Drachten wûnen de froulju mei 3-1 fan Drs. Vijfje, de Grinzer studinteklup. Yn de earste helte wist Aafke de Hoek de bal achter Grinzer-keeper Karin Luchies te krijen. Dêrmei iepene sy de skoare foar Drachtster Boys. In skoft letter skoarde Jessie Prijs de 2-0. Nei geklungel fan in spylster fan Vijfje koe Aruni de bal oppikke en de 3-0 der yntikje.

Troch in ûngelokkige rêding fan Anna Reitsma bleau de bal yn it spul. Sharon Lutmer profitearre dêrfan en de bal rôle fia de hân fan Reitsma dochs it goal yn. Mar de foarsprong fan Drachtster Boys wie oan de ein fan de wedstriid al te grut: de froulju giene der mei 3-1 winst fantroch.

(advertinsje)