UNIS Flyers rekkenet ôf mei Antwerpen Phantoms

De hockeyers fan UNIS Flyers hiene freedtejûn yn Thialf in maklike wedstriid tsjin de Antwerpen Phantoms. De ploech fan Mike Nason wûn de wedstriid yn de BeNe-League mei 10-2. Se steane no boppe-oan yn de ranking.
© UNIS Flyers
Limnell makke nei in pear moaie passes yn de fjirde minút al de 1-0 foar de Flyers. In pear minuten letter skeat Den Edel de rebound fan it skot fan Hunt binnen en sette de skoare op 2-0. De Belgen koene net folle tsjin it Fryske sperfjoer dwaan. Tsien minuten yn de wedstriid skoarde Tony Demelinne it tredde doelpunt.

Twadde perioade

Demelinne liet it net by ien doelpunt. Hy makke syn twadde yn de 25e minút. Net lang dernei skoarde Van Aalderen de 5-0. Pas nei't de Flyers fia Limnell en Wurm op 7-0 kamen, lieten de Phantoms fan harren hearre mei de 7-1. Mar in grut offinsyf wie it net: Wurm makke der gau 8-1 fan.

Tredde perioade

Yn de tredde perioade foelen der noch trije doelpunten. Wurm makke de 9-1, Antwerpen reagearre dêr op mei de 9-2. It lêste punt wie op 'e nij foar de Flyers: yn de 57e minút wie it Bezak dy't de 10-2 deryn skeat.