Oranjeliuwinnen winne mei romme sifers fan Switserlân

09 nov 2018 - 22:28

De Oranjeliuwinnen, mei Sherida Spitse en Loes Geurts yn'e basis, wûnen freedtejûn mei 3-0 fan Switserlân. De wedstriid, spile yn Utrecht, wie de earste fan in twalûk tsjin de Switserse froulju, om in ticket foar it wrâldkampioenskip. Sisca Folkertsma siet de hiele wedstriid op 'e bank.

Foto: ANP

Nederlân begûn sterk oan de wedstriid, mei kânsen foar ûnder oaren Lieke Martens. De Switsers wiene dêrnei in perioade sterker, mar ek sy koene dat net omsette yn in goal. Pas yn de twadde helte waard it earste doelpunt makke: Snitser Spitse skoarde mei in frije traap, sa't se al faker die foar de liuwinnen.

Dêrnei rûn Nederlân noch út troch goals fan Lieke Martens en Vivianne Miedema. Mei 3-0 steane se der goed foar. De returnwedstriid wurdt oankommende tiisdei 13 novimber spile yn Schaffhausen.

(advertinsje)