Annet Huisman wint priis op Noordelijk Film Festival mei dokumintêre

09 nov 2018 - 22:06

De priiswinners fan de 39e edysje fan it Noordelijk Film Festival binne bekend. De award foar Bêste Dokumintêre gie dit jier nei De Joadske Brulloft fan Annet Huisman. Huisman is al 22 jier programmamakker foar Fryslân DOK by Omrop Fryslân. Se makke de fjouwerdielige dokumintêre oer de flecht fan Mimi Dwinger en Barend Boers nei Amearika, dy him ôfspile tsjin de eftergrûn fan de Twadde Wrâldoarloch.

It ferhaal

Wat begûn mei in simpele koffer op souder smyt no tsientallen ûnbekende en bysûndere ferhalen op oer in Joadske famylje yn de Twadde Wrâldoarloch. De koffer wie fan Mimi Dwinger en Barend Boers út Ljouwert. Se oerlibben de Holocaust en treaunen alles wat harren dêr oan tinken die yn dy koffer, dy't nea iepen mocht.

Yn de koffer sieten brieven, foto's, dokuminten en filmkes fan harren troudei. Guon brieven joegen in byld fan de flecht fan Barend en Mimi troch Europa yn 1942, dy't de Holocaust oerlibben.

De Joadske Brulloft giet oer Yvette, André en Marion, de trije bern fan Mimi en Barend. Se meitsje yn de dokumintêre dyselde tocht as harren âlden doe yn 1942. In bysûndere tocht fan Nederlân nei Spanje. We sjogge hoe't de bern it belibje en leare troch harren it ferhaal fan de flechtlingen fan doe, mar ek dy fan no better kinnen.

Foar dokumintêremakster Annet Huisman wie it ek in grut aventoer mei in soad research. Fan Nederlânske argiven, fia Spaanske researchers en kontakten fan de famylje wist se it spoar werom goed yn kaart te bringen.

Annet Huisman - Foto: Omrop Fryslân

De middellange film Dòst fan Joren Molter wûn de prestizjeuze award foar Beste Spylfilm. De priis foar Bêste Koarte Film gie nei Kind, ek fan Joren Molter.

Daphne Lucker mocht de award foar Bêste Studintefilm yn ûntfangst nimme foar har film Sisters. De awards foar Bêste Amateurfilm gie nei Professor Propkop en de schat van Kapitein Stroll fan Marco van der Veen en Brandon Salakory. Bart Huijser naam de priis yn de kategory Grutste Jong Talint foar syn film Oranje mei nei hûs.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)